Copy
Besjoch hjir de online ferzje.

Famyljedei Grutte Pier

Op snein 19 juny is der in grut opsette famyljedei ‘neikommelingen fan Grutte Pier’ yn Kimswert.
Elkenien dy’t fan ús in Pierbewiis tastjoerd krigen hat kin dêrmei fergees dizze famyljedei besykje.
Oanhang en oare belangstellenden € 3,50. Bern fan 7 o/m 12 jier € 2,50.  Foar bern o/m 6 jier is de tagong fergees. Yn it hiele doarp binne ferskate kulturele en sportive aktiviteiten en der wurdt ek in ‘famyljefoto‘ makke. Neikommelingen mei dêr fansels net op ûntbrekke.
Tresoar is dy dei oanwêzich yn it doarpshûs. Besikers binne dan yn de gelegenheid om alderlei fragen te stellen en nochris te besykjen oft sy in ‘verwantschapslijntje’ hawwe mei Grutte Pier. Sjoch foar mear ynformaasje oer de famyljedei www.peergroup.nl

Radio Kimswert

By de Famyljedei op 19 juny sil der in echte radio-útstjoering te harkjen wêze troch hiel Kimswert. Foar dat harkspul sykje wy nei de bysûndere plaatsjes fan jimme, de neikommelingen fan Grutte Pier. Set dyn favorite plaatsje yn en heakje dêr (leafst troch in ynsprutsen audio bestân) koart dyn ferhaal oan ta. Wêrom is krekt dat nûmer dyn favoryt? Witsto noch it momint datsto dat foar de earste kear heardest? Wannear soe Grutte Pier dat plaatsje opsette tinkst?
Mail: sjoerdvancapelleveen@gmail.com

Utrikking 1000ste Pierbewiis

Yn it wykein fan 23/24 april j.l. waard it 1000ste Pierbewiis yn Ecuador oerlangje oan Kuno Woudt. It wie wol tapaslik dat hy him mei it Pierbewiis fotografearjen litten hat foar in monumint fan de Súd-Amearikaanske frijheidsstriders Simon Bolivar en José de San Martin yn Guayaguil.
 

As tafal bestiet…

Op freedtejûn 11 april bestelt in besiker fan it Bierfestival yn Grins foar himsels en syn twa soannen in spesjaal bierke: in trippel ‘Grutte Pier’. Hy fertelt oan de taper dat it wol bysûnder is, want seit hy:
“mijn zonen stammen af van Grutte Pier”.  De ober reagearret dêrop mei it idee om kontakt op te nimmen mei it Grutte Pier ûndersyksteam. Sa is it gien.

Dy ôfstamming is hast like bysûnder as de dronk fan in glês Grutte Pier bier. De soannen binne nammentlik efterbernsbern fan Geertrui Cornelia van Goens (*27 april 1902 - †27 aug 1987). Sy wurdt neamd as neikommeling fan Grutte Pier yn it boekje boekje 'Ut it selde skaei as Greate Pier' (R.S. Roarda, Ljouwert 1961. Geertrui Cornelia troude Shaik Maheboob Khan (sjoch https://en.wikipedia.org/wiki/Maheboob_Khan) in hiel bysûndere man, dy’t mei syn twa bruorren fan Yndia út yn de Westerske wrâld it Universeel Soefisma fersprate.
As ûndersyksteam binne wy wol benijd yn hoefier it sjibbolet sjibbolet ‘Bûter, brea en griene tsiis, wa dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries’ yn dy famylje noch libben hâlden wurdt.
 

BN´ers ´binne der ek ien fan´…

Op woansdei 20 april j.l. koenen wy ta syn eigen fernuvering Tim Douwsma ek in Pierbewiis oerlangje. Dat barde op it Zaailand yn Ljouwert dêr’t hy oanwêzich wie foar in presintaasje yn it ramt fan de Nationale Museumweek. Douwsma gie dêr yn de fuotspoaren fan oare BN’ers lykas kabaretier Arjen Lubach, fotomodel Doutzen Kroes, shorttracker Sjinkie Knegt, astronaut André Kuipers, politika Lutz Jacobi, krêftsporter Wout Zijlstra, sjonger Piter Wilkens en trainer fan reedriders Jillert Anema.
 

In slagge lêzingenmiddei yn Kimswert

Op sneintemiddei 3 april organisearren wy yn it doarpshûs fan Kimswert in lêzingenmiddei. Oebele Vries, earder ferbûn oan de Universiteit fan Grins, joech in útiensetting oer der persoan fan Grutte Pier en ferwiisde dêrby nei oare frijheidsstriders út de lette midsiuwen wêrûnder de Skot William Wallace en de fantasijefiguer fan Wilhelm Tell út Switserlân. Ut it ferhaal fan Vries waard wol dúdlik dat it net sa ienfâldich is om Pier Gerlofs te tsjutte as polityk ynspirearre ‘frijheidsstrider’. Mooglik wiene it mear de maatskiplike omstannichheden dy’t him dreaune ta bindelieder.
Gerrit Bloothoofd fan de Universteit Utrecht joech in beskôging oer syn ideaal om elke Nederlanner mei weromwurkjende krêft, earst mar ris oant 1811, in soarte fan boargerservicenûmer te jaan.

 
Dêrmei sil it folle makliker wurde om betroubere besibbensrekonstruksjes te meitsjen.
Maarten Larmuseau, ferbûn oan de Katholieke Unversiteit fan Leuven, sleat de searje ôf mei in ferhanneling oer de rol fan genetika yn de genealogy. Dêrby wurde soms ûnferwachte ûntdekkingen dien, mar wat Grutte Pier oanbelanget moast hy de tahearders teloarstelle. ‘Biologische verwantschap is weinig relevant bij een figuuur als Grutte Pier. Na zoveel generaties is het Grutte Pier-gen vrijwel geheel verwaterd’, neffens Larmuseau. De hichte fan de ‘koekoeksgraad’ spilet dêrby lang sa’n grutte rol net as earst tocht waard. Noch net sa lang lyn leaude men dat fan ien op ‘e tsien bern de biologyske heit net identyk wie oan de wetlike. Yn werklikheid docht bliken dat dat persintaazje net iens 1% is, en dat soe ek al iuwen lyn it gefal west ha.
 

Testamint fan de mem fan Grutte Pier

De mem fan Grutte Pier dy’t al jierren widdo wie, hat op 1 febrewaris 1525 har testamint opmeitsjen litten. Dat testamint is yn in 17e iuwsk ôfskrift bewarre bleaun. Sy begjint har testamint mei de hast poëtyske ferklearring ‘datter nen tingh is sickerer dan dij daedt en naet onsickerer dan dij wra des daeds Ende…’  (Der is neat sa wis as de dea en neat minder wis as de dei fan de dea….) en makket omdat sy siik is mar noch sûn fan geast, har testamint.
Har lêste wil komt der op del dat sy njonken guon legaten oan de tsjerke har guod neiliet oan har soannen Sybrin en Abba, har dochter Thieth en oan de bern fan har al ferstoarne soan (grutte) Pier, nl. Gerleff, Wobbel en in net mei namme neamde jonkje.
 
Ofbylding: Ofskrift út 1628 fan it testamint fan Fokel, Gerlefs widdo. Boarne: Famyljeargyf Van Sminia inf. Nr. 2556 (Tresoar)
 

Ein oan it útjaan fan Pierbewizen

Skreau de mem fan Grutte Pier yn har lêste wil dat der neat minder wis is as it ein, dan jildt dat net foar it ein fan ús Grutte Pierprojekt. Wy kinne – hoe aardich en ynteressant it ek wie – dêr net sûnder ein mei trochgean. Fan 1 juny ôf behannelje wy GJIN nije ûndersyksfragen mear en jouwe wy dus ek GJIN Pierbewizen mear út. Ynstjoerde fragen en fersiken fan foar 1 juny sille wy noch ôfhannelje. Wy meitsje dêrnei noch ien útsûndering, dat is op de famyljedei fan 19 juny yn Kimswert. Dêr binne wy oanwêzich om fragen te beantwurdzjen.
 
Webside: www.gruttepierdefamylje.nl
E-mail: gruttepierdefamylje@tresoar.nl

Wil je deze nieuwsbrief liever in het Nederlands ontvangen?
Je kunt je voorkeur aanpassen.

Wolsto dizze nijsbrief net mear ûntfange?
Meld dy hjir ôf foar de nijsbrief.