Copy
Besjoch hjir de online ferzje.

Pierbewizen

Grutte Pier is hot! Dat kinne wy no nei in heal jier wol sizze. Wy hawwe sa’n 1400 reaksjes krigen wêrfan it grutste part bestiet út in fersyk om nei te gean of der ek in bân is mei de famylje fan Grutte Pier. De ynstjoerings kamen oeral wei. Benammen út Fryslân mar ek út oare parten fan Nederlân en sels út it bûtenlân. Der kamen ynstjoerings út Dútslân, België, Grut-Brittannië, Switserlân, Tsjechië, Itaalje, Kanada, Feriene Steaten fan Amearika, Austraalje, Súd-Afrika, Noarwegen en sels út Kameroen en Benin. Wy krigen net allinnich kertiersteaten mar somtiden ek komplete genealogieën of gedcoms (genealogysk kompjûterbestân). It besoarge ús mear wurk as wy tocht hienen, mar mei help fan in tal entûsjaste frijwilligers ha wy it grutste part fan de reaksjes no ferwurke.

Pierpommeranten  

Op ús facebookside Grutte Pier | De famylje bin al in protte foto’s setten troch minsken dy’t in Pierbewiis tasjoerd krigen hawwe. Gean dêr foaral mei troch en diel it, diel it… De jongste telch yn DE FAMYLJE: Willem Gradus Gerrit ten Vergert koenen wy koartlyn oan de famylje tafoegje. Hy is ien fan de rom 600 persoanen dy’t in Pierbewiis krigen hawwe. Dêrby binne ek in tal BN’ers lykas Arjen Lubach, Doekele Terpstra , Rients Gratama, André Kuipers, Doutzen Kroes, Sjinkie Knegt, Lutz Jacobi en Wout Zijlstra.

Deadline ynstjoerings

Ynstjoerings foar ûndersyk nei in relaasje mei Grutte Pier moatte foar 1 juny 2016 by ús wêze. Dêrnei slúte wy ús famyljeûndersyk. Oant dy datum kinne dus ek Pierbewizen oanfrege wurde. De webside www.gruttepierdefamylje.nl bliuwt wol yn de loft en dêr kin elkenien syn/har relaasje mei Grutte Pier selsstannich útsykje.

Gen-iale Grutte Pier

Op sneintemiddei 3 april wurde der yn MFC Pier’s Stee yn Kimswert in trijetal nijsgjirrige lêzings hâlden. Dr. Oebele Vries (âld dosint Rijksuniversiteit Grins) begjint mei in ferhaal dêr’t er Grutte Pier pleatst yn de kontekst fan de politike en maatskiplike sitewaasje fan syn tiid. Dr. Gerrit Bloothooft (Universiteit Utert), belutsen by in grut ûndersyk nei famyljerelaasjes yn de 19de iuw, giet yn op de fraach of databestannen en kompjûtersystemen ús dêr wol/net by helpe kinne. Dr. Maarten Larmuseau (Universiteit Leuven), dy’t ûndersyk docht op it terrein fan de ‘genetyske-genealogy’, sil útlizze of it nei hûnderten jierren noch slagget om in biologyske relaasje mei Grutte Pier te lizzen.

De lêzing fan Oebele Vries is yn it Frysk, de twa oare lêzings binne yn it Nederlânsk. De tagong is € 5,-- p.p. Op fertoan fan in Pierbewiis € 2,50. Elk kin him/har opjaan fia info@tresoar.nl mar ek telefoanysk 058-7890792 of 058-7890740. Yn de seal is romte foar 100 persoanen en fol is fol.

De Grutte Pier Famylje Dei

Neigeraden De Famylje him útwreidet komt de grutte dei tichterby: Op Heitedei, snein 19 juny 2016 fan 11.00 oant 17.00 oere komt it hiele neiteam fan Grutte Pier byinoar yn Kimswert foar de Grutte Pier Famyljedei. It wurdt in bysûnder en feestlik barren mei in offisjele ûntfangst troch Grutte Pier, in Grutte Pier Famyljefoto en in programma foar jong en âld, ta learing en fermeits! Yn de buorren kin in reis troch it ferline makke wurde. Untdek wêr’t jo foarâlders wenne ha, lear oer de striid fan Grutte Pier en kom yn de kunde mei Fryske sporten en gewoanten sa as keatsen, klune en it meitsjen fan griene tsiis. En tink derom: yn it mobile ûndersykssintrum kin dizze dei ek noch ûndersyk dien wurde nei jo foarâlden, want mooglik bisto der ek ien fan…?

De Grutte Pier Famyljedei is foar famylje, kunde en oare belangstellenden. Tagong foar famylje fergees, kunde en oare belangstellenden € 3,50.

'Hjir krije wy enerzjy fan !'
 

Webside: www.gruttepierdefamylje.nl
E-mail: gruttepierdefamylje@tresoar.nl

Wolsto dizze nijsbrief leaver yn it Nederlânsk ûntfange?
Do kinst dyn foarkar oanpasse. 

Dizze nijsbrief is ferstjoerd nei elkenien dy't in mail stjoerd hat nei gruttepierdefamylje.nl.

Wolsto dizze nijsbrief net mear ûntfange?
Meld dy hjir ôf foar de nijsbrief.